Lykspul foar Drachtster Boys

10 des 2011 - 17:22

Haadklasser Drachtster Boys spile sneontemiddei yn Vriezenveen mei 1-1 lyk tsjin DETO. DETO, de nûmer trije yn de haadklasse C, kaam yn de earste helte op in 1-0 foarsprong. De Drachtster lykmakker fan Jelle Teitsma foel rap dernei, mar waard ôfkard fanwege bûtenspul.

Yn de twadde helte wie it Martijn Liefers dy't de Drachtsters dan dochs op likense hichte sette. Yn 'e einfaze krigen de Boys noch in pear goede kânsen op winst, mar mear as in lykspul siet der net yn foar de nûmer lêst.

Trefwurden: 
fuotbal Drachtster Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)