Brommobyl botst op bestelwein

10 des 2011 - 14:42

In 47-jierrige man út Dokkum is freedtejûn ferwûne rekke by in frontale botsing op de Rûnwei. De man kaam mei syn brommobyl op de ferkearde helte fan de dyk telâne. Dêr botste er tsjin de bestelauto fan in 27-jierrige man út Damwâld.

De Dokkumer kaam fêst te sitten. Hy is troch de brânwacht út de auto weihelle. Hy is nei it sikehûs brocht. In frou dy't by him yn de auto siet, kaam mei de skrik frij. Om't de plysje tinkt dat de Dokkumer mei drank op achter it stjoer siet, is him in bloedproef ôfnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)