1,5 miljoen foar monuminten

10 des 2011 - 12:40

De provinsje lûkt 1,5 miljoen euro út foar it opknappen fan 122 Fryske monuminten. It giet foaral om tsjerken en mûnen.

It restauraasjeprojekt is ek bedoeld as stimulâns foar de bou- en restauraasjesektor. Dy wurdt op it stuit bot rekke troch de ekonomyske krisis. It Ryk betellet ek mei. Fierders lizze de eigners sels ek jild op it kleed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)