Skier wol lifeguards hâlde

10 des 2011 - 12:10

De gemeente Skiermûntseach moat de kommende fiif jier ek lifeguards ynsette op it strân fan it eilân. Dat wolle alteast boargemaster en wethâlders. Ofrûne jier is in proef dien mei de profesjonele strânwachten en dat hat goed foldien.

Earder waard de strânwacht altyd regele troch strânpaviljoen De Marlijn. De Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij hat it no oernaam. Op 20 desimber nimt de gemeenteried in definityf beslút oer de lifeguards.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)