Bouwmeester leit op goudkoers

© Richard Langdon
Marit Bouwmeester hat by it wrâldkampioenskip silen yn de Laser radial yn it Australyske Perth de kopposysje oernaam fan de Belgise Evi van Acker. Yn race njoggen waard de 23-jierrige sylster út Warten sânde, yn de tsiende kaam se as fiifde oan. Van Acker kaam net fierder as in 13e en 19e plak en leit no seis punten achter Bouwmeester. Paige Railey fan Amearika folget op tolve punten. Snein is de medaljerace tusken de bêste tsien fan it klassemint. De punten telle dan dûbel, mar in poadiumplak kin Marit Bouwmeester net mear ûntgean.
Pieter-Jan Postma hat de njoggende race yn de Finn wûn. Yn de tsiende waard er sânde. Pieter-Jan giet as tredde de medaljerace fan snein yn. De Brit Ben Ainslie stiet earste mei 19 punten, Giles Scott is twadde mei 27 en Pieter-Jan hat 29 punten.