Asteriks wint poppriis

10 des 2011 - 10:56

Poppoadium Asteriks yn Ljouwert is freed winner wurden fan de jierlikse Fryske Poppriis. It poppoadium yn de Blokhúspoarte jout romte oan minder bekende bands út binnen- en bûtenlân.

Winner fan de LC-Publykspriis wie it Ljouwerter metalfestival Into the Grave, dat fan 't jier yn augustus op it Aldehoustertsjerkhôf hâlden waard. De KlipKarpriis foar de bêste fideoklip gie nei de band Pioneers of Love. De groep Black Box Red waard ûnderskieden mei de Talent Award. Yn it programma K-rûte jout Omrop Fryslân op woansdei 14 desimber wiidweidich omtinken oan de útrikking fan de Fryske Poppriis 2011.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)