Brûns foar Daan Breeuwsma

Daan Breeuwsma © ANP
Shorttracker Daan Breeuwsma hat by de wrâldbekerwedstriden yn Sjanghai brûns wûn op de 500 meter. De 23-jierrige reedrider fan Aldeboarn koe yn de finale de Sinees Wenhao Liang en de âld-wrâldkampioen Ho-Suk Lee út Koreä foarbliuwe. It goud wie foar de Kanadees Jean Olivier, it sulver foar Gong Qiuwen út Sina. Foar Breeuwsma is it de earste medalje op in yndividueel nûmer yn it wrâldbekersirkwy.