Ledegearkomste Alvestêden

10 des 2011 - 07:42

Der leit noch gjin milimeter iis yn de sleatten, mar de redens binne slipe. Dat die freed bliken op de ledegearkomste fan de Alvestêdeferiening.

Dy duorre in oerke en doe wisten de leden dat de feriening dik 31.000 leden telt, werûnder 112 wanbetellers. Dat der dit jier 61.000 euro winst makke is, dat de kontribúsje mei 2,50 euro ferhege wurdt en dat der hast in miljoen euro op it bankboekje stiet.

Trefwurden: 
Alvestêdeferiening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)