Turnhal neamd nei Van Gerner

16 aug 2012 - 12:18

Céline van Gerner krijt yn har wenplak Emmeloard in 'eigen' turnhal. De 17-jierrige is woansdeitejûn by de huldiging yn har wenplak ferrast mei it nijs. Van Gerner traint yn de turnhal op It Hearrenfean en wurdt dêrom tongersdei ek dêr huldige, krekt as Epke Zonderland. Céline van Gerner helle op de Olympyske Spelen in 12e plak yn de mearkampfinale. Dat is in histoaryske prestaasje foar de Nederlânske turnsport.

Trefwurden: 
Celine van Gerner
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)