Topbesetting Sintrumkros

09 des 2011 - 21:12

Wrâldkampioene Marianne Vos by de froulju en topper en âld-wrâldkampioen Lars Boom by de manlju: de Sintrumkros op 20 desimber yn Surhústerfean krijt ek dit jier by de 17e edysje in topbesetting.

De fjildrit begjint en einiget yn it sintrum fan Surhústerfean. Ferline jier gie de winst nei Gerben de Knegt en Marianne Vos. Belgyske toppers lykas de winner fan 2008, âld-wrâldkampioen Sven Nijs, komme dit jier net nei Fryslân ta. Dochs is Andries Nieuwenhuis fan it Wielerkomitee Surhústerfean tefreden oer de dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)