Fries slachtoffer bernehannel

09 des 2011 - 16:39

Keatser Rutmer van der Meer liket slachtoffer fan yllegale bernehannel. De Sint-Jabuorster (31) is al in skoft op syk nei syn biologyske mem. By Spoorloos rûn dat op in teloarstelling út. Der waard in frou fûn dy't de mem wêze soe, mar dy ûntkende. Tros Vermist is fierder op syk gien. By dy syktocht kamen hieltyd mear fraachtekens oer de legaliteit fan de adopsje. Dossiers kloppen net, en de frou dy't ûntkende Rutmer syn mem te wêzen, sei dat se yn de problemen komt as se de wierheid fertelt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)