Dykbewaking op It Amelân

09 des 2011 - 16:11

It Wetterskip hâldt rekken mei ekstra heech wetter by Skiermûntseach en It Amelân. Nei alle gedachten komt it wetter sa heech te stean dat beheinde dykbewaking nedich is. It stoarmwaar soarget fierder kwalik foar problemen.

It wetter yn de Fryske boezem stiet allinnich wat heger as oars, seit Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân.

(advertinsje)