40.000 foar muzyktinte Grou

De aksje yn Grou foar in nije muzyktinte hat mear as 40.000 euro opbrocht. De aksje waard hâlden op 29 oktober. It jild is ophelle by bedriuwen en ynwenners fan Grou. Ek kaam der jild fan fûnsen en de provinsje. Dêrmei stiet de teller foar de nije muzyktinte op 125.000 euro. Mei de gemeente Boarnsterhim wurdt noch ûnderhannele oer it ôflsluten fan in hierkontrakt foar it brûken fan sanitêre foarsjennings.