Bristol Ljouwert oerfallen

09 des 2011 - 14:43

In ûnbekende man hat freedtemiddei de Bristol oan de Foarstreek yn Ljouwert oerfallen. Meiwurkers moasten ûnder driging fan in mes jild oan de man jaan. Hy naaide út op in fyts yn de rjochting fan de Tunen. De plysje hat in burgernetaksje opstart, mar de man is noch net oanhâlden. It giet om in blanke man mei brune eagen. Hy hie in donkere spikerbroek en in swart bomberjack oan.

Trefwurden: 
mes oerfal Foarstreek Bristol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)