Mear sike-auto's yn Dokkum

09 des 2011 - 14:34

Mei in tal maatregels wurdt de sikesoarch yn Noardeast-Fryslân fan moandei ôf op it peil brocht dat de ynspeksje foar de sûnenssoarch easket. De ynspeksje fynt de akute soarch dy't sikehûs De Sionsberg yn Dokkum leveret ûnder de maat. De ôfdieling mei oant mids jannewaris iepenbliuwe, mar dan wol mei ekstra foarsjennings bûten it sikehûs. Sa wurde der twa ambulânses stasjoneard yn Dokkum en is der op wurkdagen middeis en jûns in solo-ambulânse beskikber, mei ien ferpleechkundige. Fierder kin yn gefal fan need ek in berop dien wurde op de ambulânsehelikopter fan it UMCG.

De Friesland, De Sionsberg en de ynspeksje prate yntusken fierder oer in permaninte oplossing foar de problemen by it sikehûs yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)