Legionella yn Boarnsterhim

Logo gemeente Boarnsterhim © Bewurking Omrop Fryslân
Der is op fjouwer plakken yn Boarnsterhim legionella fêststeld. De baktearje sit yn wetterliedings yn de gymmastyksealen fan Warten en Reduzum, en yn it gemeentekantoar en de gemeentewerf, beide yn Grou. De dûsdoarren yn Warten en Reduzum binne op slot draaid. De kommende wiken kinne de foarsjennings net brûkt wurde. Nije wike wurde de liedings trochspield, nei sân wiken folget der dan in neikontrôle.