CDA lulk op De Friesland

Soarchfersekerder De Friesland moat ta de bûse om de spoedeaskjende help fan sikehûs De Sionsberg iepen te hâlden. Dat fynt it CDA fan Dongeradiel. De Friesland wist al skoften dat kwaliteit fan de soarch fan it sikehûs ûnder druk stie, mar hat neffens it CDA te lang wachte om dêr wat oan te dwaan. En omdat de soarchfersekerder in ynspanningsferplichting hat, moat dat mar útbetelle wurde mei klinkende munt. It CDA hat fan de wike in pear kear mei De Friesland en De Sionsberg om de tafel sitten om te praten oer it iepenhâlden fan de spoedeaskjende help. Mar dy petearen ha neat opsmiten.
Dat soarget foar in flinke kater by fraksjefoarsitter Jouke Douwe de Vries fan it CDA. Fan moandei ôf komt der in ekstra ambulânsefoarsjenning yn 'e regio. Dat moat fan de ynspeksje foar de folkssûnens.