Postma gjin koprinner mear

Finn siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is syn kopposysje kwyt op it wrâldkampioenskip silen yn Australië.
Postma waard yn de sânde race fiifde en yn de achtste race njoggende. Syn konkurrinten Ben Ainslie (winst en in twadde plak) en Giles Scott (tsiende en earste) út Grut-Brittannië nimme it earste en twadde plak yn de ranglist fan Postma oer. Dy stiet no tredde mei 7 punten achterstân. Marit Bouwmeester hie freed in rêstdei.