Snits Wyt Swart op 2e plak

09 des 2011 - 11:44

Snits Wyt Swart klimt nei it twadde plak yn de sneinshaadklasse C. Dio Grins lûkt syn alvetal werom út de kompetysje fanwege finansjele problemen. Hjirtroch giet de stân oer de kop. De Snitsers stean no op ien punt fan koprinner UDI '19 en kinne no ek perioadekampioen wurde.

De KNVB befestiget dat de ploech weromlutsen is. Snits Wyt Swart stie op it fyfde plak, mar komt no op it twadde plak mei 22 punten út 11 wedstriden. Se stean op ien punt fan koprinner UDI '19. Troch it weromlûken fan de Grinzer ploech kin SWZ no ek perioadekampioen wurde. De Snitsers spylje snein út by Alcides, no de nûmer fiif fan de kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)