B. en w.: prate mei Sionsberg

Boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel sille yn petear mei de direksje fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum en soarchfersekerder De Friesland. Se nimme de rol oer fan de ynwenners fan Dongeradiel en de polityk, dy't har fersette tsjin it sluten fan in tal ôfdielings fan De Sionsberg. It sikehûs slút ûnder oare de ôfdieling spoedeaskjende help, omdat de kwaliteit net mear garandearre wurde kin. De ôfrûne dagen ha der petearen west tusken de direksje, de soarchfersekerder en fertsjinwurdigers fan in aksjekomitee dat de spoedeaskjende help behâlde wol. Dat hat neat opsmiten.
It CDA yn Dongeradiel wol dêrom net mear mei De Friesland om de tafel.