List as coach nei Dakar

Gerard List giet dit jier as coach/navigator nei de Dakar-rally. De Flylanner sil de Dútske autokoereur Stefanie Manns bystean. Manns hat gjin ûnderfining mei it riden fan de Dakar-race, List hat dat wol. Yn 2005 die hy foar it earst mei oan de rally op 'e motor.
List stapt op 26 desimber yn it fleantúch nei Buenos Aires. De start fan de Dakar-race is op 1 jannewaris, mei gelyk de langste etappe fan 852 kilometer. De finish is op 16 jannewaris yn Lima (Perû).