Spanning Wilhelminaoard

Der is by de bewenners fan Wilhelminaoard yn Sint Nyk sprake fan spanning en ûnwissichheid. Yn it herstelsintrum wenje minsken mei psychyske stoarnissen. Se binne it net iens mei de plannen om fan it sintrum in ôfkickklinyk te meitsjen.
De eigener fan Wilhelminaoard, GGZ Fryslân, wol de bewenners op oare plakken ûnderbringe, mar dy meitsje har grutte soargen oer de yn har eagen krappe planning. De plannen moatte noch foarlein wurde oan de meisizzenskipsorganen fan de GGZ. It plan bliuwt wol dat de bewenners fan Wilhelminaoard der takom simmer út moatte.