Goeie Sinees yn Frjentsjer

08 des 2011 - 18:10

It Sineeske restaurant Cheung Kwong yn Frjentsjer is heech einige yn de top 88 fan tradisjonele Sineeske restaurants yn ús lân. Cheung Kwong stiet op nûmmer acht.

Hûnderten restaurants binne it ôfrûne jier besocht troch klanten, de bêste 88 krigen dêrnei nochris in besite fan karmasters, en dy stelden de úteinlike list gear. Der is keazen foar in top 88, omdat dat yn de Sineeske kultuer jildt as it grutste geloksgetal.

Trefwurden: 
sineesk restaurant
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)