Freed ek gjin lette boaten
De lêste fearboaten fan en nei Skylge komme ek freed te ferfallen. Rederij Doeksen hie foar tongersdei ek al fjouwer tsjinsten skrast yn ferbân mei de hurde wyn.
Freedtejûn farre der gjin boaten, mar dan fanwege it hege wetter. It giet om de boat fan 17.30 oere fan Skylge nei Harns en de boat fan 19.50 oere fan Harns nei Skylge. Ynstee dêrfan set Doeksen de snelboat yn.