TBS en 12 jier yn saak Monsma

08 des 2011 - 16:21

Yn heger berop is 12 jier sel en TBS easke tsjin de man dy't yn juny 2010 Suzanne Monsma om it libben brocht. It hôf fynt dat de fertochte wol TBS oplein wurde kin, ek al wol er net oan psychologysk ûndersyk meiwurkje. Tolve jier en TBS is deselde straf as it iepenbier ministearje earder easke tsjin de 25-jierrige Dokkumer.

Omdat er út eangst foar TBS net meiwurkje wol oan ûndersyk troch it Pieter Baan Centrum waard de man troch de rjochtbank feroardield ta 20 jier sel. De Dokkumer sloech de 24-jierrige Monsma yn it Tolhúspark yn syn wenplak dea mei in moker.

Trefwurden: 
Suzanne Monsma TBS moker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)