Geert Arend wer by seleksje

08 des 2011 - 14:51

Geert Arend Roorda is troch trainer Ron Jans opnaam yn de seleksje foar de útwedstryd tsjin Excelsior fan takom wykein. De 23-jierrige middenfjilder begjint op de bank.

De seleksje fan Roorda hat te krijen mei de blessueres fan Michal Svec en Pele van Anholt, mar is ek in erkenning fan Jans dat hy op de goede wei is. Roorde bruts yn de tarieding op dit seizoen in tean. Ferline wike moandei die hy foar it earst wer mei by de beloften. De lêste kear dat hy by in kompetysjeduel by de seleksje siet wie tsjin Roda JC op 25 septimber 2010.

Tsjin Excelsior start Jans sa goed as wis mei itselde alvetal as ôfrûne wykein tsjin AZ. It is allinnich noch net wis oft Oussama Assaidi yn de basis begjint of Rajiv van La Parra. Assaïdi is wer fit, mar hat noch wat pine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)