Plannen foar ideaal Waadgebiet

08 des 2011 - 14:37

Gemeenten yn it waadgebiet moatte mei-elkoar it ideale waadgebiet sketse. Se moatte dêrby sjen nei alle sektoaren: fiskerij, toerisme, natoer ensafuorthinne. Dat wurdt noch in hiele toer, want it giet yn totaal om 25 gemeenten dy't mei elkoar om tafel moatte.

Dit stiet yn in advys dat de Raad voor de Wadden makke. Foarsitter Margreeth de Boer fan dy ried oerlange tongersdeitemoarn in dokumint mei dat advys oan Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma.

Trefwurden: 
Waadgebiet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)