Warskôging foar swiere stoarm

08 des 2011 - 14:30

Waarman Piet Paulusma warskôget foar in swiere jûnsspits. Ut it westen wei sil it hurd reine en ek hieltiten hurder waaie. Oan 'e ein fan 'e middei en it begjin fan de jûn krije we oan see in stoarm út it súdwesten wei fan 10 Beaufort.

Ek boppe lân is der kâns op swiere wynstjitten oant 110 km de oere. By dizze buien komt ek hagel en tonger foar. Jûn is der earst noch stoarm yn it Waadgebiet mei stoarmbuien, mar yn 'e rin fan 'e jûn sil de wyn sa njonkenlytsen wer ôfnimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)