CAO-aksje Ljouwerter Krante

08 des 2011 - 14:17

It personiel fan de Ljouwerter Krante hat tongersdei aksje fierd omdat de CAO-ûnderhannelings al sûnt lange tiid op slot sitte. Se diene dat yn de foarm fan in Twitter-bombardemint. It Deiblêd fan it Noarden en de lanlike deiblêden dogge ek mei oan it twitterbombardemint.

De wurknimmers fine dat de wurkjouwers yn de deiblêdwrâld de sjoernalistike kwaliteit yn de sjoernalistiek oantaaste. De CAO rûn op 1 jannewaris fan dit jier al ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)