Brommerrider ferwûne op Gordyk

16 aug 2012 - 11:23

In 20-jierrige brommerrider út Stynsgea is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op 'e Gordyk. Hy waard oanriden troch in automobiliste út Harns. Dy kaam mei him yn botsing doe't er by it ynheljen fan in trekker op de ferkearde helte fan 'e dyk ried. De brommerrider is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Syn brommer wie opfierd.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)