Bedrige mei luchtbuks
Op Skylge ha twa jonges fan 17 jier woansdeitenacht in 18-jierrige jonge bedrige mei in luchtbuks. Dat diene se út it rút wei fan in gebou oan de Zeevaartschoolstrjitte. De plysje fûn de luchtbuks en naam dy yn beslach. De jonges, ôfkomstich út Ljouwert en Prinsenbeek krigen in proses-ferbaal.