Ruten fernield yn De Blesse

16 aug 2012 - 11:09

De plysje hat woansdeitenacht yn De Blesse in 46-jierrige man oanhâlden. Hy hie de ruten fan it hûs fan syn eks-frou op de Markeweg fernield en naaide dêrnei út. De frou belle de plysje. Dy fûn him yn syn tún. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)