Ynbraak fytsewinkel Aldehaske

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Ut in fytsewinkel yn Aldehaske binne woansdeitenacht fytsen stellen. In tsjûge seach om healwei fjouweren nachts twa mannen yn de winkel dy't fytsen yn in bestelbus setten. De bestelbus ried dêrnei hurd fuort en de tsjûge folge de bus en belle de plysje. De ynsittenden fan de bestelbus hiene mooglik yn de gaten dat se folge waarden, want se stoppen op de Jousterdyk en sprongen derút en naaiden út. De plysje hat yn de omjouwing socht mar hat se net fine kinnen. Yn de achterlitten bus stiene fiif nije fytsen.