Gjin oerlêst troch needwaar
De tongerbuien fan woansdeitejûn ha net foar oerlêst soarge. It KNMI warskôge woansdei oerdei foar swiere buien mei tonger en in soad wetter. It needwaar foel úteinlik ta. By de plysje binne gjin meldings binnenkaam fan wetteroerlêst en der is gjin skea troch tongerynslaggen meld.