Besite út Vaticaan yn Dronryp

De Roomsk-katolike tsjerke fan Dronryp hat woansdei besite hân fan de heechste Nederlânske prelaat yn it Vaticaan. Monseigneur Karel Kasteel kaam nei Dronryp ta om in bedevaartreis nei Rome te bepraten. Ek wie hy woansdeitejûn foargonger yn de fiering fan de Maria Tenhemelopneming.
Moseigneur Kasteel wurket al 50 jier yn it Vaticaan en kin foar de besite fan Fryske jongerein doarren iepenje dy't foar oare besikers sletten bliuwe.