Strange kontrôle by pealsitten

It lûd om it pealsitten yn Kollum hinne wurdt kontinu metten om foar te kommen dat omwenners lêst ha fan it evenemint. Dat is ôfpraat by de fergunningferliening en as je goed sjogge, kinne je de mikrofoan dêr't mei metten wurdt ek fine. It lûd mei net boppe 57 desibel komme. Bart dat wol, dan kin dat betsjutte dat it pealsitten foarby is. Woansdeitejûn is it pealsitten mei fjouwer dielnimmers úteinset.
De organisaasje hie yn 't foar grutte twivels oft it mooglik wie om oan de lûdsnoarmen te foldwaan, mar nei mjittings woansdeitemiddei die bliken dat it wol tafoel en dat se prima út de fuotten kinne mei de lûdsgrinzen.