'Dútse seehûnesifers doge net'

15 aug 2012 - 17:46

De seehûnekresj yn Pieterburen neamt de berjochten oer de grutte foarútgong fan it tal seehûnen yn Dútslân prematuer. Neffens berjochten oer seehûnetellingen yn Niedersaksen soe dêr no in rekôrtal fan 8400 seehûnen sitte. Dat is opmerklik, want ferline jier wiene it noch gjin 5000.

Neffens Diederik van Wieren fan de seehûnekresj doge de Dútske sifers net. Van Wieren is sels belutsen by it tellen fan de seehûnen yn Nederlân. Neffens him is der op syn bêst in beskieden foarútgong fan it tal seehûnen.

Van Wieren fynt dat fierder net allinnich nei it oantal seehûnen sjoen wurde moat, mar ek nei harren kondysje. In soad seehûnen hawwe in minne kondysje. De offisjele sifers fan 'e seehûnetellingen yn it Nederlânske Waadgebiet wurde ein septimber/begjin oktober publisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)