Seldsume flinter op Flylân

Op Flylân is de seldsume keninginnepaazje sinjaleard. De famylje Cupido hat it bist op de foto set yn de eigen achtertún oan de râne fan it doarp. Gewoanwei komt de flinter allinnich foar yn it suden fan it lân. It is de twadde waarnimming fan dizze flinter op it eilân. De earste melding is fan sa'n 10 jier lyn.
Neffens Steatsboskbehear is it de fraach oft de flinter sels de Waadsee oerflein is. It kin ek wêze dat de flinter as in aaike meinommen is, bygelyks ûnder in plant. De flinter wurdt hieltyd faker yn noardliker streken sjoen.