Plakette earet oarlochspiloat

15 aug 2012 - 14:55

Mei it ûntbleatsjen fan in plakette is Bauke Klaas Swart werom op syn berteplak. Hille Oppedyk die ûndersyk nei it libben fan de piloat dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkaam. Hy wie op it idee brocht nei't er yn 1993 op in loftfeartbeurs in boek kocht.

Woansdei is de plakette yn Burgum ûntbleate by it bertehûs fan piloat Bauke Klaas Swart. Famylje wie al in skoft dwaande om erkenning foar Swart te krijen. Swart wie 23 jier doe't er yn 1945 boppe Japan delstoarte. Hy hat njoggen jier yn Burgum wenne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)