Studinten NHL ûnwis oer boete

15 aug 2012 - 12:28

De NHL Hogeschool yn Ljouwert is min te sprekken oer de ûnwissichheid oer de langstudearboete. Dy giet fan 1 septimber ôf yn. Studinten dy't ien jier langer oer har stúdzje dogge, moatte in boete fan 3.000 euro betelje. Mar mei de ferkiezingen yn it sicht, binne hieltyd mear partijen tsjin de langstudearboete. De hegeskoalle krijt in soad fragen fan studinten oer hoe't it no komt. Foarearst giet de langstudearboete gewoan troch. Der binne dêrom no hiel wat studinten dy't op it stuit drok oan it studearjen binne, om gjin boete te krijen.

It ôfskaffen fan de langstudearboete soe ek goed nijs wêze foar dieltiidstudinten. De measte fan har studearje neist in baan en rêde it dêrtroch faak net op om de stúdzje binnen de stelde tiid ôf te krijen. De NHL Hogeschool hat dêrtroch folle minder oanmeldings foar dieltiidopliedings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)