Kabeldief yn Raerd oppakt

08 des 2011 - 11:20

Op de Overijselsestraat by Raerd is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in kabeldief oanhâlden troch de plysje. De plysje hâlde de man oan en seach allegear stikken stroomkabel yn de auto lizzen. Hy hie ek allegear tangen en seagen by him.

De man moast mei nei it buro en is yn de sel setten. De auto en de kabels binne yn beslach nommen. De man hat bekend dat hy de kabels stellen hat yn de buert fan Ljouwert en Wolvegea.

Trefwurden: 
Raerd kabeldief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)