Húslik geweld yn Ljouwert
De plysje yn Ljouwert wie tiisdeitejûn drok mei húslik geweld. In Ljouwerter (27) is oanhâlden nei't er in 27-jierrige frou yn har eigen hûs slein hie. Hy is meinaam nei it plysjeburo.
In 24-jierige Ljouwerter hat syn 26-jierrige freondinne mishannele. Der wurdt sjoen oft de man in kontaktferbod krije kin.