Fjochtpartij oer jild
In Ljouwerter (38) is tiisdeitenacht oanhâlden nei't er in 37-jierrige plakgenoat yn mekoar slein hie. De mannen krigen rúzje oer jild. Dat rûn sa heech op dat der in fjochtpartij ûntstie. De 37-jierrige krige hurde klappen. Hy hie ferwûnings yn syn gesicht en in brutsen ribbe. De man moast nei in húsarts.