Jonge skopt stikelbaarch

15 aug 2012 - 10:39

In Hearrenfeanster (17) is op Flylân bekeurd nei't er in stikelbaarch skopt hie. In bewenner (57) fan it eilân siet yn syn tún, doe't de Hearrenfeanster yn it foarbygean de stikelbaarch sa'n hurde skop joech dat it bist de tún fan de Flylanner yn fleach. De bot skrokken man warskôge de plysje, dy't de dierebeul in bekeuring joech. It bistje hat de oanslach oerlibbe.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)