Fet yn fiver: koikarpers dea

15 aug 2012 - 10:05

Yn trije fivers mei koikarpers yn Noardwâlde is frituerfet smiten. Der binne 14 deade fisken oantroffen. Ien fan de eigeners stelde sels in ûndersyk yn, nei't ien fan syn koikarpers troch ûnbekende oarsaak ferstoarn wie.

It liket derop dat it frituerfet mei sin yn de fivers smiten is. De plysje ûndersiket de saak. De skea is grut foar eigener Leo de Reus. Hy hat twa fisken kocht foar 285 euro. In folwoeksen koikarper is wol sa'n tûzen euro wurdich. Hy hat de fiver yn de foartún.

De Reus hat no syn nocht. Hy is fan doel om kamera's op te hingjen yn syn sliepkeamers, dy't de fiver yn syn foartún goed yn 'e gaten hâlde.

Trefwurden: 
plysje koikarpers frituerfet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)