Min jier foar motorcampings

Motorcampings yn Nederlân ha in striemin seizoen. De foarspelling fan min waar, al of net wier, de krisis, mar ek de fergrizing fan it motorpublyk spylje in rol. Der binne yn ús lân seis fan dy campings, spesjaal taret op motorriders. Ien fan de seis Nederlânske motorcampings sit yn buorskip it Wytfean by Eastermar. Eigener Jan Nijboer belibbet syn tredde en minste jier. Troch de wike is de camping meastentiids leech. Neffens Nijboer is dat ek sa by syn kollega's yn it hiele lân.