Postma noch hieltyd koprinner

08 des 2011 - 11:03

Pieter-Jan Postma stiet nei seis races noch altyd earste op it wrâldkampioenskip silen yn de Finn klasse. Postma sylde tongersdei op it wetter by Perth (Australië) ien wedstriid en wûn dy. It is spannend yn de top. De nûmer twa Giles Scott, de regearend Europeesk kampioen, hat mar twa punten efterstân en mearfâldich wrâld- en Olympysk kampioen Ben Ainslie is tredde mei fjouwer punten efter Postma.

Marit Bouwmeester is no twadde. Se waard yn har Laser radial 13e, 5e en 6e. It trettjinde plak yn de sechsde race is har ôflûkresultaat. De efterstân op nûmer ien Evi van Acker fan België (tongersdei 3e, 19e en 2e) is no fjirtjin punten. De Amerikaanse Paige Railey, de wrâldkampioen fan 2005, is tredde op fjouwer punten fan Bouwmeester. De earste tsien fan eltse klasse sile snein de medaljerace.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)