Sylskoallen hawwe it drok

14 aug 2012 - 16:44

De Fryske sylskoallen lykje gjin lêst te hawwen fan de ekonomyske krisis. Dat docht bliken út in belrûntsje by ferskate sylskoallen del. Alle jierren gean tûzenen bern op sylkamp. Yn tsjinstelling ta boatsjerferhierders hawwe de sylskoallen gjin lêst fan minsken dy't pas op it lêste momint boeke of dy't ôfsizze by min waar.

It is wol dreger as foargeande jierren om genôch ynstrukteurs te finen. Studinten dy't soks faak derby dogge, komme net mear fanwege de boete dy't se betelje moatte as se net op 'e tiid ôfstudearje.

Trefwurden: 
sylskoalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)