Wetter drinke tsjin oergewicht

14 aug 2012 - 16:18

De gemeente Smellingerlân sil fan 't hjerst meidwaan oan in projekt om oergewicht by jongeren oan te pakken troch de jeugd mear wetter drinke te litten. It hjit Jongeren op Gezond Gewicht, oftewol JOGG. Lanlik binne der no tweintich gemeenten dy't meidogge, mar oanmelde kin noch.

It probleem fan oergewicht by jongeren wurdt hieltyd grutter. It JOGG-projekt wol dat tsjingean mei mear bewege en sûner ite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)