Mjittings REC net krekt genôch

14 aug 2012 - 14:03

Der is ûndúdlikens oer de mjittings fan de útstjit fan de ôffaloven yn Harns. Dat blykt út in rapport fan de provinsje Gelderlân. Sy kontrolearje de REC yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It giet om sifers oer 2011 fan de oven sels. De mjitapparatuer kin stoffen lykas kwik, sâltsoer, ammoniak en wetterstoffluoride net presys genôch mjitte. Dat makket it foar it buro miljeumjittings fan de provinsje Gelderlân ûnmooglik om de sifers te kontrolearjen.

Omrin hat ûnderwilens al nije, bettere gegevens oanlevere dy't no kontrolearre wurde.

Nei de simmer moat dúdlik wurde oft Omrin no wol alles op oarder hat. De Steatefraksje Friese Koers hat fragen steld oan de deputearre oer it krityske rapport fan de provinsje Gelderlân.

Trefwurden: 
REC Omrin mjittings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)